Akkoart yn it streekferfier is in "akseptabel kompromis"

02 jul 2018 - 14:33

Ferfiersbedriuw Arriva sil mei de provinsje om tafel om te praten oer de subsydzjes oan it bedriuw. Fakbûnen en wurkjouwers yn it streekferfier hawwe ôfspraken makke oer in nije cao en der sit ek in leansferheging yn. Mar de ferfiersbedriuwen ha langere kontrakten mei provinsjes ôfsletten en dizze leansferheging sit dêr net by.

In diel fan dy ekstra kosten komt út de bûse fan it bedriuw sels, mar Arriva-direkteur Anne Hettinga wol ek mei de provinsje om tafel. Hettinga is bliid mei it akkoart, hy sprekt fan in akseptabel kompromis. It oanpassen fan de tsjinstregeling oan de langere pauzes sjocht Hettinga as in útdaging, dêr't de reizger neat fan fernimme moat.

Arriva-direkteur Anne Hettinga en bussjauffeur Binne Sjonger

Der is lang praat oer de nije cao, de bussjauffeurs ha in pear kear aksje fierd foar't it akkoart der wie. De earste reaksjes binne posityf, seit bussjauffeur Binne Sjonger.

(advertinsje)