Dream komt út foar Fries: alle moannen 10.000 euro

02 jul 2018 - 14:01
Baarch - Foto: Shutterstock.com

Ien fan de grutte prizen fan de Droomsalaristrekking fan de Staatsloterij is fallen yn Fryslân. De haadpriis fan de lotterij foel op in lot yn de gemeente Kollumerlân. De winner krijt 30 jier lang alle moannen 10.000 euro, in totaalbedrach fan 3,6 miljoen euro.

In abonneespiler út de gemeente De Fryske Marren wûn 100.000 euro yn ien kear, belestingfrij. Fanwege de privacy fan de dielnimmers makket de Staatsloterij gjin nammen fan de priiswinners bekend.

(advertinsje)