"As je der ferlet fan hawwe, tinke je: hie ik dat no mar wol dien"

02 jul 2018 - 13:40

We binne mei ús allen kwealik taret op needsituaasjes. Dat seit it Reade Krús. As ús wat oerkomt, witte we de telefoannûmers fan de neiste famylje faak net en we kinne net by ús fersekeringsgegevens. We moatte dêrom in needplan meitsje, sadat we der better op klear binne.

Foto: OF, René Koster

Reaksjes op strjitte oer it needdokumint

It Reade Krús komt no mei de mooglikheid om op ynternet in persoanlik needplan op te stellen. Dêr kinst de belangrykste ynformaasje foar needsituaasjes yn opslaan. En dêr kinst dan altyd by.

Myn freondinne hat in brân meimakke en doe haw ik sjoen wat in gedoch it is as je net alles by de hân hawwe!

In reaksje op strjitte

Op strjitte hearden we in ferskaat oan reaksjes. Guon minsken fine it oerdreaun: "Wa't syn namme en bertedatum wit, kin alles wol weromfine." Oaren fûnen it krekt in goed idee: "Pas as je der ferlet fan hawwe, tinke je, hie'k dat no mar wol dien..." Ien frou fertelde dat se alle papieren byinoar hat, en fuort meinimme kin as der wat is. "Myn freondinne hat in brân meimakke en doe ha ik sjoen wat in gedoch it is as je net alles by de hân hawwe!"

(advertinsje)
(advertinsje)