De dûker, it famke en de hûn Xolo: de reuzen fan Royal de Luxe yn Ljouwert

02 jul 2018 - 12:29

De dûker, it famke en de hûn Xolo. Dat binne de trije reuzen fan Royal de Luxe dy't yn augustus nei Ljouwert ta komme. Op in parsekonferinsje yn Madurodam fertelden artistyk direkteur Jean-Luc Courcoult en produsint Claudia Woolgar it ferhaal dat him op 17, 18 en 19 augustus yn de Kulturele Haadstêd ôfspylje sil.

Ljouwert is neffens Courcoult net in foar de hân lizzende stêd foar de reuzen: "It is net maklik om de reuzen dêr bewege te litten, want it giet om relatyf smelle strjitten. Mar de ôfrûne twa jier ha we ferskate kearen yn Ljouwert west en we ha in hiel nijsgjirrich parkoers betocht." De presise rûte wurdt likernôch in wike foar de foarstelling bekend makke.

It famke, dat yn augustus ek nei Ljouwert komt - Foto: Royal de Luxe / Artcompress / Pascal Victor

'In grutte reed yn it iis'

It ferhaal dat Royal de Luxe yn Ljouwert fertelle sil, hat te krijen mei de striid tsjin it wetter. "Foar dy striid moatst in bepaalde koppichheid ha. Dat werken ik, want ik kom út Bretanje. Dat leit ek by de see en ek dêr ha de minsken dy koppichheid. Moatst moed en krêft hawwe om in lân bouwe te kinnen dat ûnder de seespegel leit", fertelt Courcoult. "Ik fyn it wichtich om ferhalen út it ferline te fertellen en om oan te sluten by de mytology. De foarstelling ha 'k dêrom 'In grutte reed yn it iis' as titel meijûn."

Ek Mata Hari, Escher en de Alvestêdetocht kamen werom yn it ferhaal fan Courcoult. "Mar we kinne net alle tema's behannelje. Dêrom ha we besocht om in soarte fan aansichtkaart fan de stêd te meitsjen."

400.000 minsken

Oan de hân fan it ferhaal dat Courcoult fertelde kamen al in pear plakken nei foaren dy't in rol spylje sille, lykas de Aldehou en it sintraal stasjon. Mar net allinnich de binnenstêd krijt besite fan de reuzen. Wethâlder Sjoerd Feitsma: "Ze gaan ook door de buitenwijken. Dan kan iedereen in Leeuwarden ervan genieten en bovendien kunnen wij dan iedereen opvangen." Der wurde sa'n 400.000 minsken ferwachte yn de trije dagen dat de reuzen yn Ljouwert binne.

Trefwurden: 
LF2018 reuzen Royal de Luxe
(advertinsje)
(advertinsje)