Elfwegentocht: oerstapplak op Ofslútdyk bliuwt fierhinne leech

Fan it oerstapplak fan de Elfwegentocht op de Ofslútdyk by Koarnwertersân is moandei noch net in soad gebrûk makke. It tal auto's dat dêr moandeitemoarn stie wie op de fingers fan twa hannen te tellen. It idee fan it oerstapplak is dat minsken carpoole en safolle mooglik duorsum - dat wol sizze elektrysk of mei blauwe disel - fierder reizgje nei Fryslân. Mar fierwei de measte besikers fan bûten Fryslân hiene noch noait fan de Elfwegentocht heard en wiene der sadwaande dan ek net op taret om oars te reizgjen.
Elfwegentocht: oerstapplak op Ofslútdyk bliuwt fierhinne leech
De measte Friezen hawwe wol fan de Elfwegentocht heard, mar dat wol noch net sizze dat se ek har reisgedrach oanpasse. "Ik kin net omride om earne oars blauwe disel wei te heljen", fertelt Tsjalling Dijkstra. "Mar carpoole doch ik wol en as de baas my freget om tenei blauwe disel te tanken dan doch ik dat, mar dêr haw ik him noch net oer heard."
In hast leech carpoolplak © Omrop Fryslân

Frachtferkear

Frachtweinsjauffeurs hawwe wer in hiel oar probleem. Der binne wol elektryske frachtweinen, mar dy binne benammen bedoeld foar koarte ôfstannen. Michel Butter komt út Noard-Hollân en moat in fracht út Harns nei Italië bringe. Dat krijt er net duorsum foarinoar, sa fertelt er. Mar it bedriuw dêr't er foar rydt is wol mei it ûnderwerp duorsumens dwaande. Butter makket hieltiid faker mei dat er konteners nei Rotterdam bringt en dat it transport dan fierder mei de trein giet.
Er zijn nog maar weinig pompen die blauwe diesel aanbieden.
Toerist op de Ofslútdyk
Op it camperplak by Koarnwertersân is it folle drokker as op it oerstapplak fan de Elfwegentocht. It docht bliken dat ferskate camper-reizgers wol mei it tema duorsumens oan de gong binne. Ferskate campers krije stroom fan sinnekollektoaren op it eigen dak en der binne ek guon dy't blauwe disel tanke, as se de kâns krije. "Ik rij graag op blauwe diesel", fertelt in toerist út Brabân. "Maar er zijn helaas nog maar weinig pompen die het aanbieden." Itselde jildt ek foar de iennichste benzinepomp op de Ofslútdyk. It is net sa dat de pomphâlder der net iepen foar stiet, mar it is de oaljemaatskippij dy't bepaald hokker produkten oanbean wurde.
Gjin blauwe disel te finen © Omrop Fryslân
Reizgers op de Ofslútdyk oer de Elfwegentocht