Dûkers fine restanten Wellington bommewerper by It Amelân

02 jul 2018 - 11:55

Undersikers fan de Stichting Maritieme Archeologie hawwe by harren syktocht nei trije fermiste fiskersskippen fan de fiskerramp fan Peazens-Moddergat yn 1883 in delstoarte Wellington bommewerper út de Twadde Wrâldoarloch fûn.

Klaas Wiersma, Bas Kremer (Stichting Maritieme Archeologie) en Ihno Dragt (directeur museum ’t Fiskershúske) by de restanten fan de Wellingon bommewerper - Foto: Klasina van der Werf

De dûkers fûnen yn it wetter fan de Noardsee by It Amelân in wjuk fan de Wellington. Fan it fleantúch is bekend dat de piloat noch hieltyd fermist is. Fierder ûndersyk moat mear dúdlikheid jaan.

In tip fan fiskers hat de dûkers ek op it spoar set fan ien fan de trije fermiste fiskersboaten. De dûkers tinke dat se tichtby Skiermûntseach de houten WL 7 fûn ha. Yn it earste wykein fan augustus wurdt hjir fierder ûndersyk nei dien. Der wurdt dan troch de dûkers live-ferslach fan dien. Yn museum It Fiskershúske is mominteel de tentoanstelling ''De zoektocht naar de verloren schepen van Moddergat'' te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)