"Boargemaster Weststellingwerf moat frij krije fan fúzjepetearen"

De boargemaster fan Weststellingwerf mei de kommende fjouwer jier gjin fúzjepetearen fiere mei oare gemeenten. Dat fynt yn elts gefal de riedsfraksje fan Blijf Stellingwerfs. De profylskets fan de nije boargemaster fan de gemeente Weststellingwerf foldocht net langer en moat oanpast wurde.
It gemeentehûs fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De opdracht yn dy skets is dat de boargemaster fúzjepetearen fiere moat. Blijf Stellingwerfs fynt lykwols dat dit ûnderdiel der úthelle wurde moat, en tsjinnet dêrfoar in moasje yn. De fraksje hopet dat de folsleine gemeenteried dy moandeitejûn stypje sil.
Neffens Blijf Stellingwerfs is der nei de beneaming fan de boargemaster in soad feroare en hawwe de fraksjes ferline jier oanjûn net langer fusearje te wollen. De nije boargemaster André van de Nadort moat dêrom frijsteld wurde fan dizze opdracht yn syn profylskets.