Fryske jongerein is net tefreden oer sekslessen op skoalle

02 jul 2018 - 10:53

De Fryske jongerein is ûntefreden oer de sekslessen op skoalle. Jonges jouwe gemiddeld in 5,4, wylst famkes in 5,8 genôch fine. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder 800 jongeren troch GGD Fryslân, yn oparbeidzjen mei Rutgers en Soa Aids Nederlân.

Kondooms oan in line - Foto: ANP

Neffens Fryske jongeren krije sy oer tema's lykas antykonsepsje, fuortplanting, soa en it bûten de grinzen gean fan seksueel gedrach minder foarljochting as yn de rest fan Nederlân. De GGD wol yn petear mei de skoallen om harren te stypjen by it jaan fan foarljochting.

Sjenant

Ut it ûndersyk docht ek bliken dat Fryske jongeren it sjenant fine om kondooms te keapjen. Jongeren dy't langere tiid seks hawwe mei deselde partner hâlde meastentiids op mei it brûken fan kondooms. Yn tsjinstelling ta de rest fan Nederlân docht út it ûndersyk net bliken dat jongeren mei in legere oplieding earder oan seks begjinne as jongeren mei in hegere oplieding.

Konservativer

Jongeren mei in legere oplieding yn Fryslân binne konservativer yn harren tinken oer seks en negativer oer homoseksualiteit. Fan de Fryske famkes dy't twongen waarden ta seksuele hannelingen, krige mar 7 prosint help fan in húsdokter as helpferliener, lanlik wie dat 19 prosint.

(advertinsje)