Pier Baarsma nije algemien direkteur fan NDC Mediagroep

02 jul 2018 - 10:26

Pier Baarsma folget Dina Boonstra op as algemien direkteur fan NDC Mediagroep, de útjouwerij fan ûnder oare de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.

Foto: ANP / NDC Mediagroep

Dat hat NDC moandeitemoarn bekendmakke. Baarsma is no noch kommersjeel direkteur by NDC Mediagroep. Troch him te beneamen, kiest de útjouwerij foar it trochsetten fan it besteande belied. Earst wie NDC folslein rjochte op print, no binne se dwaande mei in oergong nei in 'crossmediaal' media-marketingbedriuw.

Baarsma waard berne op De Westereen en wurke earder by Philip Morris en Coca-Cola. Hy waard yn 2015 kommersjeel direkteur by NDC.

(advertinsje)