CNV wiis mei ûnderhannelingsresultaat

02 jul 2018 - 08:46

Der sille sneintejûn grif minsken west hawwe dy't ferromme sykhellen doe't it nijs bekend waard dat de staking fan de bussjauffeurs foarearst fan de baan is. Moandei soe der opnij bûten de spits staakt wurde, mar fanwege in akkoart tusken fakbûnen en de wurkjouwers giet dat no net troch. It CNV is wiis mei it resultaat wat no behelle is.

It busstasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der is ôfpraat dat de sjauffeurs der sa'n 3 prosint yn it jier op foarút gean en foar ien kear 650 euro krije. "Over de loonafspraken zijn wij tevreden", sa seit Hanane Chikhi fan it fakbûn CNV. En ek de ôfspraken oer mear pauze falle goed by it bûn: "Concreet betekent dit dat chauffeurs in hun dienst na 2,5 uur de mogelijkheid hebben om van hun bus af te stappen." Dizze tiid soe brûkt wurde kinne foar in plaspauze, mar ek in kuier of gewoan in hapke ite hearre by de mooglikheden.

Hanane Chikhi fan it CNV

Oanbesteging

Njonken de direkte ôfspraken oer de behanneling en beleaning fan sjauffeurs, hawwe de fakbûnen ek foar de takomst inkele saken yn gong setten. Sa is derop oantrune om yn de kommende jierren by de oanbesteging yn de gaten te hâlden dat opdrachtjouwers better harren beurs brûke, om sa foar te kommen dat de sjauffeurs betelje moatte foar in oanbesteging dy't mooglikerwiis te leech ynset is. "Daar willen wij samen met de werkgevers voor strijden. Ik denk dat de marktwerking te veel is doorgeschoten. Als je ziet hoe de verschillende bedrijven inschrijven om er toch een goede boterham aan te verdienen, dan denk ik dat de chauffeur daar in de eerste plaats de dupe van is geworden", aldus Chikhi.

Stimming

It ûnderhannelingsresultaat fan de fakbûnen moat noch foarlein wurde oan de leden, en it is oan harren om in beslút te nimmen oer oft se mei dit resultaat libje kinne. Der sille gearkomsten organisearre wurde, dêr't leden útlis krije kinne oer de ôfspraken. Dêrnei komt der in stimmingsperioade, dy't mooglik oanpast wurdt yn ferbân mei de ferskate fakânsjes dy't stadichoan yn Nederlân begjinne.

(advertinsje)
(advertinsje)