Kollum: "In drege befalling"

02 jul 2018 - 07:25

"Ik sjoch altyd graach nei it Ingelske telefyzjeprogramma De Grote Verbouwing. Dêryn folget presintator Kevin McCloud minsken dy't oan it begjin steane fan in grut bouprojekt. Dat binne gjin simpele twa-ûnder-ien-kappers, mar moderne, futuristyske bouwurken. En hiel soms giet it om in kastiel.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ik wit noch goed de ôflevering oer in al wat âlder stel dat in ferfallen kastiel kocht op it prachtige Ingelske plattelân. Ik sis ferfallen kastiel, mar 'ruïne' is eins in better wurd. Der stiene noch in pear muorren oerein en hjir en dêr seachst noch it begjin fan wat ea in toer west wie. Fierders wie alles ynelkoar sakke. It wie ien grutte bulte mei stiennen, oerwoekere troch ûnkrûd.

Mei in flinke poarsje entûsjasme en in grutte pûde mei jild gie it stel de útdaging oan. Se kochten it kastiel om dêr harren dreamwenning fan te meitsjen. Mar werklik wier in sekonde nei't se de keapakte tekene hienen, foel der in brief op de matte fan English Heritage, it Ingelske Hûs en Hiem, mei dêryn strange easken oer wat wol en benammen nét mocht. Want sa hiene de amtners besletten: it kastiel wie kultureel erfguod.

Alderearst moast der in archeologysk ûndersyk komme fan inkele tûzenen Ingelske pûnen. Want alles wat ýn de grûn siet wie krekt like wichtich as wat der bóppe de grûn stie. Der mocht boppedat gjin stien ôfbrutsen wurde sûnder dat de Ingelske amtners der akkoart foar jûn hiene. Want ek al wie it net mear as in bulte stiennen, it wie wol in beskerme bulte stiennen.

Al mei al duorre it jierren en jierren foardat it dreamhûs fan it stel lang om let klear wie. It kastiel wie rêden, mar de bewenners wiene sloopt. Ik hie djippe bewûndering foar harren trochsettingsfermogen. Iksels hie de handoek al lang yn 'e ring smiten. Mar dit Ingelske trochsettingsfermogen hawwe wy hjir yn Aldegea ynkoarten ek nedich.

Wy hawwe hjir ús eigen kastiel: suvelfabryk De Hoop. Fan begjin 1900 ôf wie dit fabryk it brûzjende middelpunt fan ús doarp. De ôfrûne jierren is it in spûkhûs wurden. Krektlyk as it kastiel yn Ingelân is der net al tefolle mear fan oer. Mei as grutte ferskil dat de stiennen hjir noch al op elkoar steane. Stikem winskje wy hjir dat it in stiennebulte wêze soe. Want fielst 'm al oankommen: ek dit fabryk soe wolris kultureel erfguod wêze kinne.

Op dit stuit wurdt der ûndersyk dien nei de kulturele wearde fan it gebou. Mei it tsjin de flakte, of is de betsjutting sa grut dat it perfoarst stean bliuwe moat? Hjir yn Aldegea hoopje wy allegearre dat ynkoarten de sloophammer troch de loft fleant om it ding plat te skowen. Mar in djoer buro moat dêr tastimming foar jaan. En as der aanst in kultureel histoarysk stimpel op komt, dan falt der wis in brief by ús op de matte oer wat wol en benammen nét mei. Wy hâlde ús hert fêst.

Jimme hearre fêst al wol myn kritysk ûndertoantsje. En dat kloppet. Ik krij jokte omdat it allegearre sa lang duorje moat. Wy hawwe jierren en jierren tsjin in ruïne oansjoen en no't der jild is om der wat fan te meitsjen moatte wy wachtsje op in ûndersyk. Dêr kin ik wat min oer. Mar goed: it komt no oan op trochsettingsfermogen en lange azem.

Hooplik giet it ús krekt as by it stel yn De Grote Verbouwing. Se wiene nei ôfrin sloopt, mar allinnich al it opheljen fan de brêge oer de grêft rûnom it kastiel joech se beide sa'n folle wille en foldwaning dat se al dy 'bloed, zweet en die tranen' ferjitten wiene. Miskien is it krekt as in befalling. Fuort nei ôfrin ropst: dit nea wer. En in jier letter bist gewoan wer swier. Mar ien ding bin ik wis fan: dit wurdt al in drege befalling."

(advertinsje)