Akkoart yn it streekferfier, staking foarearst fan de baan
De staking yn it streekferfier is foarearst fan de baan. De fakbûnen en wurkjouwers hawwe ôfspraken makke oer in nije cao.
Hanane Chikhi fan it CNV
Ferline wike leine bussjauffeurs trije dagen lang it wurk del. Dêrtroch ried it grutste part fan de bussen yn Fryslân net. Moandei soe der opnij bûten de spits staakt wurde. Mar dat giet no net mear troch fanwege it akkoart dat der leit.
Der is ôfpraat dat de sjauffeurs der sa'n 3 prosint yn it jier op foarút gean en foar ien kear 650 euro krije. Dêrnjonken krije de bussjauffeurs ekstra skoft en in fermindering fan de wurkdruk. Dat wiene de grutste stroffelstiennen yn de ûnderhannelingen.
It resultaat fan de ûnderhannelingen moat noch wol foarlein wurde oan de leden fan de fakbûnen.