Wapene oerfal op restaurant It Hearrenfean

01 jul 2018 - 22:20

In restaurant yn de Stationsstrjitte op It Hearrenfean is sneintejûn oerfallen. Om 21.30 oere hinne kaam de oerfaller it restaurant binnen en twong it personiel mei in mes om de kassa te iepenjen en om jild te jaan. Dit hat er lykwols net meikrigen. De man is nei de oerfal útnaaid en mooglik yn in blauwe Suzuki Alto sprongen en fuortriden.

Foto: René Wiegmink

Neffens de plysje is de oerfaller in man fan ûngefear 1.83 meter lang en tusken de 20 en 25 jier âld. Hy wie folslein yn it swart klaaid en droech in swarte bivakmûtse of kapusjon.

De plysje hat yn de omjouwing mei in speurhûn socht nei de oerfaller. As minsken wat sjoen hawwe wurde se frege om harren te melden. Moandei wurdt it ûndersyk trochset.

Trefwurden: 
It Hearrenfean oerfal
(advertinsje)
(advertinsje)