Drokte by earste keapsnein yn Drachten

De earste keapsnein yn Drachten hat snein, mei troch it moaie waar, in soad minsken lutsen. Hast alle besikers en winkellju binne tige entûsjast dat ek yn Drachten de winkels no einlik op snein iepen kinne. Jierrenlang waard dit tsjinhâlden troch de gemeenteried. Mar nei de ferkiezingen fan ôfrûne maart stimden it nije kolleezje en de ried der flot mei yn. "Dêr binne we de ried hiel tankber foar", seit Douwe Blom, foarsitter fan ûndernimmersferiening H&I, snein.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Douwe Blom
De measte besikers neamden de keapsnein in oanwinst foar it doarp en heech tiid omdat oare plakken as Ljouwert en Snits de winkels al sa lang op snein iepen hawwe. Guon oaren tinke dat de animo foar de keapsnein hurd weromrinne sil as it nije der ôf is.
De measte winkels sille foarearst ien snein yn de moanne iepen wêze. Supermerken en in tal oare winkels hawwe al oanjûn dat se alle wiken iepen wêze wolle.
Besikers fan de keapsnein yn Drachten