Partoer Van der Bos wint keatserij yn Harns

01 jul 2018 - 19:11

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat snein it haadklasse keatsen frije formaasje yn Harns wûn. It trio wûn mei 5-5 en 6-4 fan it partoer fan Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Tjisse Steenstra waard útroppen ta kening.

Foto: Henk Bootsma

Kingma-en-dy kamen yn de wedstriid werom fan 5-2 oant 5-5. Op dy stân en 4-2 sloech Van der Bos bûten en waard it 4-4. Steenstra sloech in knappe sitbal, alwer syn sânde fan de partij, en dêrmei krigen sy harren earste wedstriidpunt. Kingma-en-dy ferdigenen in keats fan sa'n tsien meter. Kingma sloech de bal bûten, wêrnei't Van der Bos-en-dy de fjirde oerwinning op rige pakten.

Yn de heale finale wûn it partoer fan Van der Bos mei 5-5 en 6-6 fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Dat partoer krige mar leafst sân wedstriidpunten, mar koe it net ôfmeitsje.

Kening Steenstra

Tjisse Steenstra waard al foar de fjirde partij op rige útroppen ta kening. Hy leit út wêrom hy en syn maten Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra op it stuit sa sterk binne:

Hans Wassenaar

Ferliezend finalist Hans Wassenaar stie opnij yn in finale, mar koe it net bolwurkje tsjin Van der Bos-en-dy. Wêrom is it sa dreech om tsjin Van der Bos-en-dy te spyljen?

Trefwurden: 
Harns keatsen
(advertinsje)