Resinsje: Altyd Seumer: in oade oan it prachtige lânskip fan It Bilt

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.
Wa binne jimme?
Wendy Kennedy en Jantine Weidenaar
Wat is jim funksje by Omrop Fryslân?
Wendy: redakteur en ferslachjouwer nijs en kultuer
Jantine: online redakteur, co-host en ferslachjouwer
Wat hawwe jim mei kultuer?
Wendy: foaral in leafhawwer fan teäter en muzyk
Jantine: ik bin grut leafhawwer fan populêre kultuer en haw in swak foar Shakespeare
Wêr hawwe jimme hinne west?
Altyd Seumer, by Swarte Haan
Hoefolle stjerren?
Trije. In dreech stik op in toplokaasje
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Kloften minsken rinne op de seedyk by Swarte Haan op dizze prachtige simmerjûn. Se binne ûnderweis nei in stik lân deun oan 'e seedyk foar it lokaasjeteäterstik Altyd Seumer. It stik fan regisseuse Sjoeke-Marije Wallendal is in unike kombinaasje fan opera, grutte lânboumasines en fansels de prachtige omjouwing.
Altyd Seumer fertelt op in opera-achtige wize in alternative skiednis fan de Biltkers en harren tradusjonele bân mei de ierappels. Basearre op it epos fan Willem van Haren (yn it stik spile troch Jan de Vries) mei eleminten fan de Frânske film 'La cinquième saison'. De haadrolspilers fertelle foar it grutste part op sjongende wize harren ferhaal en motivaasje. Dochs giet it hjir net om in musical.
It is bysûnder om grutte nammen as Albert Bonnema en Marjolein Ley oan it wurk te sjen. Dochs sille de dissonante klanken en ritmysk ûngewoane maten net foar elkenien noflik te hearren wêze. It makket it stik dreger.
© Omrop Fryslân
Nettsjinsteande de sterke cast is de haadrol yn it stik foar It Bilt. De regio is ferneamd om syn grutte lannen en fiersichten en it publyk sit hjir middenyn. In stevige wyn bringt de rook fan de see by de minsken. It wurdt der ek net waarmer op. Mûtsen, moffen en sels winterjassen komme tefoarskyn.
Ek de ierappel is ûnskiedber ferbûn mei It Bilt. Yn Altyd Seumer draait alles om de ierappel. Se kinne der gjin genôch fan krije. Der moatte mear en mear ierappels komme. Der wurdt in dyk oanlein sadat der nóch mear ierappels ferboud wurde kinne. En dan wurdt it ek noch ''altyd seumer'', sadat it siedzjen en rispjen tagelyk plak fynt en minsken allinnich mar oan it wurk binne. Yntusken frette de kening en keningin ierappels by it soad en groeie hast ticht.
It wurdt letter en letter en it lânskipsdekôr wurdt moaier en moaier. De loft kleuret pears en read. Grutte lânboumasines skimerje yn 'e fierte en komme tichterby. It liket krekt as oft se dûnsje op de muzyk fan de lokale fanfare en brassband. In ymposante fertoaning.
© Omrop Fryslân
It stik giet fierder en minsken komme yn opstân. Der moat wer in rispingefeest komme. Se bemûskopje dit allegearre efter in houten muorre. It publyk heart it wol, mar sjocht dit net. As se it sjen wolle, moatte se fia de mobyl nei Facebook, dêr't de sêne live streamd wurdt. Dit wurket ûnder de foarstelling net. In soad minsken binne ôflaat wêrtroch't se fan alles misse. Dat is spitich.
Njonken de wiidsheid is ek taal in grut tema yn Altyd Seumer. Utsein fan Theun Plantinga sjonge en prate alle akteurs yn it Biltkers, wat as foardiel hat dat it ek foar Friezen en Hollanners prima te folgjen is. Sels inkele Dútsers hawwe it paad nei it boulân by Swarte Haan fine kind. It fielt hast nuver dat der sa'n grut spektakel mei sa'n kwaliteit delsetten wurdt yn in taal dy't mar yn in beheinde regio sprutsen wurdt. Mar dat is hjir de krêft: lokaal topteäter.
Uteinlik is it in yndrukwekkend stik, wat net foar elk geskikt wêze sil. De opera-achtige wize soarget derfoar dat de personaazjes sawol letterlik as figuerlik fier by it publyk wei stean. Der komt gjin bân of emoasje by te sjen. En dat is úteinlik dochs wol skande, want dat hie it stik seker nei in noch heger plan brocht en hie de lange spyltiid fan goed twa oeren wat koarter fiele litte kind.