Nynke Sijbrandij-en-dy pakke fiifde seizoensoerwinning

01 jul 2018 - 17:30

It partoer Nynke Sijbrandij, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra wie snein yn de finale fan it frouljus haadklasse keatsen frije formaasje yn Baard oermachtich tsjin it oare sterke frouljuspartoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. Op 5-0 en 6-2 einige de partij troch in retoerslach perk troch Nynke Sijbrandij.

Yn de heale finale ûntsnapte it partoer Sijbrandij tsjin it partoer Marije van der Meer, Martine Tiemersma en Annelien Broersma. Se wûnen pas op 5-5 en 6-2. It partoer Van der Meer pakte de tredde priis troch de striid om dy tredde priis te beslissen op 5-5 en 6-2 tsjin it trio Tineke Dijkstra-en-dy.

Trefwurden: 
keatsen Baard
(advertinsje)