FIDEO: 'Tsjek myn sjipkist' set de auto oan de oplader

01 jul 2018 - 17:03

Yn dizze Tsjek myn sjipkist moatte de trije teams it alderlêste ûnderdiel oanbringe: it pedaal. Want ja sûnder pedaal kinst gjin gas jaan! En dêr sjogge de teams nei út, want yn de lêste ôflevering is de motor ynstallearre en moatte de teams tsjin elkoar race...! Soe in elektromotor hurd ride kinne?

yn dizze ôflevering giet it oer de elektromotor - Foto: Omrop fryslân

'Tsjek myn sjipkist' wurdt makke yn it ramt fan Fossylfrij Fryslân. It bestiet út seis ôfleveringen. Yn de earste fiif ôfleveringen wurkje trije teams fan trije basisskoallen oan it bouwen fan in sjipkist. Fierder sjogge we wat fossile brânstof no eins is, wêrom it sa skealik is foar it miljeu en wat duorsume alternativen wêze kinne. 'Tsjek myn sjipkist' sil op 4 july einigje mei in wedstriid yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. De sjipkist dy't as earste oer de streep is, hat wûn.

'Tsjek myn sjipkist' is alle sneinen fan 17.30 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. Ek te sjen op woansdei en freed om 10.30, 11.30, 12.30 en 16.00 oere. Online is it programma te sjen op Skoal.tv.

(advertinsje)