Toerisme-ûndernimmer Albert Hendriks: "Krankjorum, sa'n soad LF2018-eveneminten yn augustus"

Direkteur Albert Hendriks fan toerismebedriuw Friesland-Holland neamt it "krankjoarum" dat de eveneminten fan LF2018 net better oer it jier ferspraat binne. "Yn augustus wurdt it hjir smoardrok fanwege dy eveneminten en is der hast gjin keamer mear te krijen. Mar krekt dàn is it hjir altyd al drok mei toeristen. Wêrom is sa'n grut projekt as dat mei de reuzen net yn bygelyks oktober op it programma set? Der wurdt altyd praat oer hoe't je it toerismeseizoen ferlingje kinne, no dan hie dit in prachtkâns west!"
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Hendriks fernimt op it stuit in soad belangstelling fan toeristen dy't de alvestêdetocht fytse wolle. De fonteinen èn it gedoch dêroer, hawwe minsken nijsgjirrich makke en as it waar dan ek nochris stabyl goed is, reint it wer boekingen. Kritysk is Hendriks oer it tal laadpeallen foar elektryske boaten op de alvestêderûte. "Ek dêr is in soad ferlet fan. It jild dat no útjûn wurdt oan de elfwegentocht, hiene se dêr better yn stekke kinnen."
Albert Hendriks yn Buro de Vries