Reade kaart foar keatser Laas Pieter van Straaten

01 jul 2018 - 15:21

Keatser Laas Pieter van Straaten hat by it haadklasse keatsen yn Harns in reade kaart krigen. Hy keatste mei in want sûnder goed stimpel. Alle keatsers moatte mei in want keatse dy't goedkard is troch in wantekommisje fan it keatsbûn. De wantekommisje seach dat de want net goedkard wie en joech dat troch oan skiedsrjochter Marinus Grond. Dy joech dêrnei de reade kaart.

Van Straaten gong der fan út dat syn want goed wie. Hy hie de want dizze wike ophelle by wantemakker Reinder Triemstra. Yn 2010 waard der foar it lêst it reade kaart útdield yn de haadklasse oan Martijn Olijnsma.

Van Straaten keatste mei Auke Boomsma en Marten Feenstra en stie yn de earste omloop mei 4-3 foar tsjin Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Boomsma en Feenstra moasten mei harren twaen fierder en ferlearen mei 5-5 en 6-4.

(advertinsje)