Blauwe diselpomp yn Aldehaske iepene, Elfwegentocht fan start

01 jul 2018 - 14:36

Yn Aldehaske is in tankpunt foar blauwe disel feestlik iepene. Dit yn it ramt fan de Elfwegentocht dy't snein úteinset is. It is de bedoeling dat alle Friezen de kommende twa wiken fossylfrij reizgje sille.

Hanneke Schmeink, inisjatyfnimmer fan de blauwe diselpomp yn Aldehaske - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De blauwe diselpomp is in inisjatyf fan ynwenners fan Aldehaske, om de duorsume brânstof tagonklik te meitsjen foar partikulieren. Yn it doarp sit al de ûndernimming Wiersma, dy't blauwe disel leveret oan bedriuwen.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer tankt blauwe disel yn Aldehaske - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

By de iepening fan It Hasker Pompke, sa't it tankpunt hjit, songen Syb van der Ploeg en Piter Wilkens in bysûnder Elfwegentochtliet. De pomp sil de kommende wiken op spesjale oeren betsjinne wurde troch bekende Friezen, sa as Foppe de Haan en Henk Gemser.

(advertinsje)