Kuiertocht Rondje Ameland wurdt takom jier earder hâlden

01 jul 2018 - 13:19

It Rondje Ameland wurdt takom jier earder hâlden as oars. De kuiertocht fan 50 kilometer om it Waadeilân hinne is yn 2019 op 25 maaie. It Rondje Ameland fynt gewoanwei yn it earste of twadde wykein fan juny plak, mar dat komt takom jier min út. It earste wykein fan juny is nei Himelfeart en it twadde wykein is it Pinkster.

It bestjoer krige fan in soad kuierders de fraach oft der ek in alternative datum mooglik wie. Letter wie gjin opsje, omdat der dan allegear oare eveneminten binne op it Amelân. Dêrom is keazen foar 25 maaie. Wagenborg set dan spesjaal foar it evenemint in ekstra betide boat yn.

Rondje Ameland wurdt takom jier foar de 23ste kear hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)