Nei 66 jier wer in nacht sliepe yn Swichum

01 jul 2018 - 10:55

Sliepe yn 'e tsjerke, it kin. Spesjaal foar pilgrims, mar ek minsken dy't lid binne fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken, kinne in nacht yn ien fan de tolve dielnimmende tsjerken sliepe.

Moarns brea-ite yn de tsjerke. - Foto: Omrop Fryslân

Doe't Joukje Kalsbeek fan dizze mooglikheid hearde, belle se fuort har suster Rigtje op. De froulju binne hikke en tein yn Swichum, mar wenje der al hiel lang net mear. Joukje wennet tsjintwurdich yn Apeldoorn en Rigtje yn Akkrum. Dat se no, nei 66 jier, wer ris in nacht yn it doarp sliepe koenen, en dan ek noch yn tsjerke, like har prachtich. Dizze wike wie it safier. De 85-jierrige Joukje Annema-Kalsbeek en de sawat 90-jierrige Rigtje de Groot-Kalsbeek slepten in nacht yn de tsjerke fan Swichum.

Sliepe op fjildbêden yn de tsjerke fan Swichum. - Foto: Omrop Fryslân

En dan sloech dy toer wer, om it healoere.

Rigtje de Groot-Kalsbeek

Op de fraach oft se wat sliept hienen, wie it antwurd: "No, net sa geweldich." Beiden hienen it wat kâld hân en in oar bêd sliept noait sa goed as thús. Rigtje: "En dan sloech dy toer wer, om it healoere sloech dy toer wer." By it moarnsbrochje fertelle de froulju oer harren jeugd yn Swichum en oer de tsjerke. Tsjerklik hearde Swichum by Goutum. "Net by Wurdum, omdat de Wurdumer Feart dertusken lei", seit Joukje. Alle earste sneinen fan de moanne kaam de dûmny fan Goutum yn Swichum te preekjen.

Joukje en Rigtje op it plak dêr't se eartiids yn 'e tsjerkebanken sieten. - Foto: Omrop Fryslân

Swichum is in lyts doarp, yn al dy jierren is dat net feroare. Joukje fertelt: "Ik gong yn Ljouwert nei de HBS en dan seinen dy bern wolris: 'Toe vertel eens Joukje, hoeveel mensen wonen bij jullie in het dorp?' En dan sei ik: 'Nou, Janne en Wytske en dy ha trije bern en sa fierder.' Je koene echt elkenien, je hiene elkoar ek nedich."

Harkje nei de reportaazje mei de susters Kalsbeek yn it radioprogramma Buro de Vries

Wat wol feroare is, is it ferkear. De susters Kalsbeek fine it mar wat drok. Wat Joukje noch mear opfallend fynt, is dat it lytse doarp Swichum noch in eigen brievebus hat. By har yn Apeldoorn is yn de buert krekt wer in brievebus fuorthelle.

It radioprogramma Buro de Vries wurdt sneins útstjoerd fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûns wurdt it programma werhelle om 21.00 oere.

(advertinsje)