Nij ynternasjonaal iishockeytoernoai yn Thialf

Yn Thialf wurdt yn it earste wykein fan septimber in nij iishockeytoernoai holden: de Thialf Icehockey Cup. It giet om in ynternasjonaal toernoai dêr't trije Dútske topteams út de Deutsche Eishockey Liga oan meidogge. Dat binne Fischtown Pinguins, Düsseldorf EG en de Krefeld Pinguine.
In iishockeystick © Shutterstock.com
Mei it nije toernoai wol Thialf him fierder ûntwikkelje om úteinlik it reedrydhert fan de wrâld te wurden, net allinnich op it mêd fan it langebaanriden en shorttrack, mar ek yn it iishockey. "Met dit internationale toptoernooi zetten we ijshockey nog meer op de kaart en willen we zorgdragen voor een positieve bijdrage in de sport, zowel in de breedte als in de topsport'', seit direkteur Marc Winters fan Thialf.
De kaartferkeap foar de Thialf Icehockey Cup op 1 en 2 septimber is snein begûn.