Waadeilannen stelle smook- en stookferbod yn fanwege drûchte
Fanwege de oanhâldende drûchte en de hurde wyn jildt op Skylge en It Amelân sûnt sneon in smook- en stookferbod. Skylge jout ek gjin kampfjoerfergunningen mear en de kampfjoerfergunningen dy't earder ferliend binne, meie net brûkt wurde.
Ek de gemeente It Amelân wiist op syn webside op de gefaren fan de ekstreme drûchte. Der wurdt oproppen om ekstra alert te wêzen yn de natuer, omdat der in gruttere kâns is op brannen. Minsken moatte foarsichtich oan dwaan mei bygelyks barbecues en fjoerkuorren en net smoke yn natuergebieten.
De gemeente ropt fierder op om de auto net te parkearjen yn heech, drûch gers en ôffal yn de bakken te smiten.