Ljouwerter misdraacht him yn yttinte en moat mei nei plysjeburo

01 jul 2018 - 08:19

De plysje hat sneontenacht in 19-jierrige Ljouwerter oanhâlden omdat er him misdroech yn it útgeanssintrum fan de stêd. Hy die ferfelend yn in ytgelegenheid oan it Ruterskertier en waard dêr om tsien oer fjouweren troch de portier útset. Dêrnei bleau de man ferfelend op strjitte.

Hy krige proses-ferbaal foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder. Doe't plysjes tsjin him seinen dat er fuortgean moast, begûn hy se te misledigjen. De plysje hat de Ljouwerter meinaam nei it buro, dêr't er de rest fan de nacht trochbrocht hat.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert oanhâlding
(advertinsje)
(advertinsje)