Marten Kooistra twadde by NK op 'e dyk yn Hoogerheide

30 jun 2018 - 23:05

Marten Kooistra kaam sneon 44 sekonden tekoart by it NK op 'e dyk foar beloften yn Hoogerheide. De 20-jierrige hurdfytser út Jonkerslân waard twadde efter winner Julius van den Berg. Oscar van Wijk kompletearre it poadium.

Marten Kooistra - Foto: www.orange-pictures.nl

Kooistra wûn earder dit seizoen de Ronde fan Súd-Hollân. Hartthijs de Vries kaam by de weiwedstriid as 22ste oer de finish. Woansdei pakte De Vries noch de nasjonale titel op de tiidrit.

Trefwurden: 
hurdfytsen NK Marten Kooistra
(advertinsje)
(advertinsje)