Frysk dj-talint wint keunstwedstriid en mei draaie op Lowlands

30 jun 2018 - 22:30

Foar Michael Fortera komt dizze simmer in dream út. It 18-jierrige dj-talint út Wytgaard waard sneontejûn troch in sjuery útroppen ta ien fan de winners fan Kunstbende. Fortera mei no yn augustus optrede op Lowlands.

Kunstbende is in wedstriid foar kreative jongeren tusken de 13 en 18 jier. Der binne acht kategoryen: dûns, ekspo, fashion, film, muzyk, taal, teäter en dj. Yn de lêste kategory pakte Fortera de earste priis.

Lowlands

De jonge dj mei troch de Kunstbende-winst syn keunsten sjen litte op Lowlands. Dit muzykfestival wurdt holden op 17, 18 en 19 augustus yn Biddinghuizen. Ferline jier kamen hjir 55.000 besikers op ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)