Frânsman rint fan Spanje nei Sweden en bellet oan yn Wierum

De Frânske keunstner Jean-François Aillet rint fan Spanje nei Sweden en dat alles lâns de kust om sân te sammeljen. Fan dat sân makket hy in keunstwurk dat yn Santiago de Compostella komt te stean.
Wat it doel fan Aillet mei syn tocht is? Minsken ferbine en in keunstwurk meitsje foar de folgjende generaasjes.
It sil dy mar gebeure. Op in dei stiet der in Frânsman by dy yn de tún en dy wol by dy sliepe. Wat dochst dan? It oerkaam Janke van der Meulen út Wierum. Sy krige in wol hiel bysûndere Frânsman op besite. Hy kaam oanrinnen út Spanje wei.
Ite
"Myn freondinne kaam him tsjin op de Ofslútdyk en hearde syn ferhaal", fertelt Van der Meulen. "Dat fûn se sa bysûnder dat se him ûtnûge om by ús te iten as hy yn Wierum oankomme soe", seit se.
Woansdei wie it safier en kaam Aillet oan mei syn karke. Op dy karre hat hy allegeare buiskes, weryn't hy sân sammelet.
Hy bliuwt noch oant en mei moandei by Van der Meulen en har soan Jesse Pieter sliepen. Dy fynt it ek geweldich dat de Frânsman der is. "It is hiel gesellich en we dogge in soad tegearre. We hawwe ek it Waad op west op syk nei kwelderkrûd", fertelt Jesse Pieter.
Aillet fynt Fryslân en Nederlân hiel gastfrij yn fergeliking mei oare Europeeske lannen. "Ik krij myn iten en drinken oeral fergees", fertelt er. Snein sil de Frânsman te waadrinnen en moandei giet hy nei Skiermûntseach. Fansels nimt hy dan ek wat sân of slyk mei fan it Waad.