Hobma ljept op It Heidenskip nei sânde seizoensoerwinning

30 jun 2018 - 21:49

Thewis Hobma wûn sneon op It Heidenskip de alfde fierljepwedstriid fan it seizoen. It wie foar de fierljepper út Harns alwer de sânde oerwinning. Foar it earst ljept Hobma mear as 140 meter foar it klassemint, dat is sân kear gemiddeld oer de 20 meter per sprong. By de froulju ljepte Anneke Broersma it fierst.

Mei 20.37 meter stelde Hobma de winst feilich. Sytse Bokma út Hylpen waard twadde mei in sprong fan 19.48 meter. Bobby Zwaagman út Drylts kompletearre it poadium. Hy ljepte 19.22 meter.

Broersma wûn by de froulju mei in sprong fan 14.38 meter. Akke Dijkstra út Bûtenpost waard twadde mei 14.11 meter. Tredde waard Sigrid Bokma út Hylpen.

Winners Bente Vlas, Anneke Broersma, Rutger Haanstra, Freark Kramer, Thewis Hobma - Foto: Martin de Jong

Oergongsklasse en junioaren

Yn de oergongsklasse wûn Jelte Hitzert út Wommels. Hy sprong 17.08 meter. Efter him einige Jos Bethlehem út Drylts op it twadde plak mei 16.98 meter. Sietse Hazewindus út Fertwert waard tredde, nei in sprong fan 16.49 meter.

By de junioaren pakte Freark Kramer fan It Heidenskip de oerwinning mei in 18.41 metersprong. Doarpsgenoat Rutger Piersma waard mei 18.20 meter twadde. Tredde waard Jetse Bokma út Hylpen (17.79 meter).

Jonges en famkes

Rutger Haanstra fan It Heidenskip waard by de jonges earste mei 16.57 meter. It is alwer syn njoggende deititel. Stefan Douma út Toppenhuzen waard twadde mei 15.84 meter. Peter Faber út Oldehove einige op it tredde plak mei 15.33 meter.

Bente Vlas út Heech waard by de famkes earste mei 14.36 meter,har fierste fan dit seizoen en mar twa sentimeter achter de winner by de froulju. Fardau van Akker út Suwâld waard twadde mei 13.28 meter. Tredde waard Henrieke Wijnstra út Tsjom (12.13 meter).

De reaksje fan Thewis Hobma

De reaksje fan trainer Pieter Haanstra

(advertinsje)