IepenUP vlog: In kompromis yn de Swarte Pyt diskusje

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende achtergrûn, litte alle sneonen sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP.
IepenUP vlog: In kompromis yn de Swarte Pyt diskusje
Wylst de goedhillichman thús yn Spanje genietet fan syn fakânsje, wurdt der yn ytkafee Jelle Joep yn Twizel socht nei in oplossing foar de Swart Pyt diskusje. Op de dei dat Seye Herke Brinkman by de Sinteklaasyntocht ferline jier yn Dokkum de bus mei anty-swartepytaktivisten blokkearje liet, wie Iepen UP-vlogster Joyce de iennige aktivist yn it demonstraasjefak yn Dokkum.
Joyce striidt foar in yntocht dy't elkenien wurdearje kin, wylst Seye him djip ferbûn fielt mei de âlde tradysje. Yn de iepen Up-vlog fan dizze wike sykje de twa tsjinpoalen elkoar op om ta in kompromis te kommen. Dat bart yn it kafee dêr't de 'blokkearfriezen' nei ôfrin fan de A7-aksje harren gehakbaltsje opieten.
Joyce yn diskusje mei Seye Herke Brinkman © Omrop Fryslân
Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.