Ofdielingspartoer Grins wint keatswedstriid Jong Fammen Partij

30 jun 2018 - 19:52

De froulju fan ôfdielingspartoer Grins hawwe sneon de Jong Fammen Partij op harren namme skreaun. De keatswedstriid yn Mantgum is ien fan de fjouwer meast belangryke keatspartijen yn it frouljuskeatsen.

Yn de finale fan de Jong Fammen Partij wiene Hiske Zeinstra, Marit Zeinstra en Anne Monfils te sterk foar Rie. Dit partoer bestie út Joanne Elise Broeders, Ineke van der Ploeg en Trea van der Ploeg. Grins wûn de finale mei 5-3, 6-0.

It tredde plak wie foar it kombinaasjepartoer Seisbierrum/Pitersbierrum. Sy ferlearen yn de heale finales fan Grins.

Trefwurden: 
Grins Jong Fammen Partij Rie
(advertinsje)