Lekke bân makket betiid ein oan Formule 2-race De Vries

30 jun 2018 - 19:15

Maleur foar Nyck de Vries sneon. De 23-jierrige autokoereur út Twellingea moast yn de Formule 2-race fan Eastenryk de striid al betiid stake. In lekke bân soarge derfoar dat de wedstriid der foar him al gau op siet.

Nyck de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

Troch it flugge útfallen fan De Vries die er gjin goede saken yn it klassemint. Konkurrinten George Russell en Lando Norris út Grút-Brittannië waarden respektyflik op sirkwy yn Eastenryk ien en twa.

Snein stiet foar De Vries de twadde race fan it wykein op it programma.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)