Lytse oefenwinst foar SC Hearrenfean op Drachtster Boys

SC Hearrenfean hat sneontemiddei de oefenwedstriid tsjin Drachtster Boys wûn. It waard yn Drachten 2-0 foar ploech fan trainer Jan Olde Riekerink. De doelpunten waarden makke troch John Iredale en Pelle van Amersfoort.
Michel Vlap oan de bal © www.orange-pictures.nl
By it skoft stie Hearrenfean mei 1-0 foar troch in goal van de Australiër Iredale. Van Amersfoort makke der yn de twadde helte 2-0 fan.
De wedstriid yn Drachten wie it twadde oefenduel fan de earedifyzjonist yn de tarieding. Ofrûne woansdei wie Hearrenfean mei 10-1 te sterk foar in regioseleksje út Súdwest-Fryslân.