FNV wol dat wurkjouwers alle wurke oeren bussjauffeurs útbetelje

30 jun 2018 - 17:06

FNV hat wurkjouwers yn it streekferfier sommearre de wurke oeren ûnder publyksfreonlike aksjes út te beteljen. De ferfierbedriuwen ha oant moandei 12.00 oere de tiid om te befêstigjen dat se dat dwaan sille, oars stapt it fakbûn nei de rjochter.

Bussjauffeurs hâlde in baltsje heech - Foto: ANP

Leden fan FNV en CNV stake de kommende wike allinnich bûten de spits om. Dêrmei wolle se de oerlêst foar reizgers beheine. Neffens FNV frustrearje de wurkjouwers dizze publyksfreonlike wize fan staken troch te driigjen gjin lean út te beteljen foar de oeren dy't de bussjauffeurs yn de spits wurke ha. FNV seit dat se in brief mei dizze strekking fan de wurkjouwers krigen hat.

(advertinsje)
(advertinsje)