Man sit fêst yn ûndergrûnske ôffalkontener yn Dokkum

30 jun 2018 - 16:10

In âldere man is sneontemiddei klem komme te sitten yn in ûndergrûnske kontener oan de Altenastreek yn Dokkum. Helptsjinsten moasten deroan te pas komme om him derút te heljen.

De man hie it ferkearde guod yn de kontener smiten en woe dat derút helje. Mei in brekizer makke er de kontener oan de efterkant iepen, wêrnei't er in trepke yn de kontener sette. Doe't de man fia it trepke yn de kontener klom wie, koe hy der net mear út komme.

In omstanner alarmearre de helptsjinsten. Plysje, ambulânse en brânwacht rieden út. Meiwurkers fan de ambulânse wisten de man der út te krijen. De man hat oan it aventoer in pear lytse skaafwûnen oerholden.

Trefwurden: 
Dokkum ôffal kontener
(advertinsje)
(advertinsje)