Kat byt brânwachtman by rêdingsaksje út beam

In brânwachtman is sneontemiddei lichtferwûne rekke doe't er yn Kollumersweach besocht in kat út in beam te rêden. It bist kaam yn in beam oan de Foarwei fêst te sitten en koe der net sels útkomme.
De brânwacht hellet de kat út de beam © De Vries Media
De brânwacht ried út om it bist te rêden. Op it momint dat de brânwachtman de kat fêstpakte, waard er biten. De brânwachtman moast foar kontrôle nei it sikehûs. De kat is úteinlik út de beam helle. De Foarwei wie ûnder de rêdingsaksje ôfsletten.