Iepenloftspul Feankleaster: de premjêre fan NON-Aktief

Se bestean no fiif jier en foar it earst yn harren bestean is de premjêre útferkocht. Dat wol sizze, sitte se fol. Want de foarstelling is fergees en it publyk mei sels bepale oft se nei ôfrin wat jaan wolle of net. NON-Aktief sit goed yninoar en der wurdt op in heech nivo spile. En dat foar in lyts selskip. Mar miskien sit dêr krekt ek wol de krêft: dat se sa lyts binne en dus sa mei-inoar.
Premjêre fan NON-Aktief
Want ek al giet it krekt foar it skoft efkes mis en falt alle lûd út; de nonnen, weeskes en muontsen spylje troch as wie der neat oan de hân. Dus hat it publyk der ek gjin lêst fan. Under de beammen, yn it midden fan it doarp is de setting ek yntym en kinne je alles goed meikrije.
Je sitte fuort yn de foarstelling. Dy't begjint mei de begraffenisstoet dêr't je as publyk yn meirinne en sa te plak komme. It is de begraffenis fan de lêste non. En no ha de muontsen wol in probleem want wa soarget foar dy weeskes. Wêr't de bern weikomme yn dit mingd kleaster leit foar de hân mar wurdt op in subtile wize ferteld. Foar de goeie fersteander sitte der in soad grappen yn.
As it misgiet helpe se inoar. Dat is dochs prachtich?
Bianca Wiersma
It kleaster moat ticht, de paus komt del, der rekket fan alles wei en de bierbrouwerij bejout it. De iennige non dy't der noch is rint hieltyd fuort (is non-aktyf) en wurdt troch fjildwachter Bromsnor werom brocht. De muontsen sitte mei de hannen yn it hier en betinke in plan en rôve nonnen út in oar kleaster. Dit is wier bard.
De baron en barones, de graaf en grevin en boargemaster Bearn Bilker sitte foaroan. Sy binne troch de spilers ynterviewd oer de skiednis fan it mingd kleaster dat hjir ea echt stien hat. Dat hat in stik fan de basis west fan it ferhaal dat no sa entûsjast spile wurdt. De barones wurdt oan de ein noch mei it poadium oplutsen om mei te dûnsjen ûnder in ek al sa oanstekkend ferske.
Iepenloftspul NON-Aktyf © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Grutsk
Se blierkje allegearre nei ôfrin. Regisseur Bianca Wiersma net minder. Se is grutsk op har spilers. "Se binne sa mei-inoar. As it misgiet helpe se inoar. Dat is dochs prachtich?"
Nei ôfrin geane de weesbern mei in ponge it publyk troch. En dat publyk jout royaal in frijwillige bydrage, halleluja. Je hoege net in grut selskip te wêzen om grut prestearje te kinnen. Foar wa't wol; der binne noch kaarten foar dizze pearel fan in foarstelling yn Feankleaster.
Iepenloftspul NON-Aktyf © Omrop Fryslân, Miranda Werkman