Dei fan de Fiskerij yn Moddergat: kustfiskerij wichtich foar Fryslân

30 jun 2018 - 14:08

Yn Fryslân giet it faak oer de lânbou en it toerisme, mar ek de kustfiskerij is in wichtige ekonomyske poat fan Fryslân. Yn doarpen lykas Peazens-Moddergat en Wierum soarget it foar in soad wurkgelegenheid. En dêrom wurdt sneon yn Moddergat de Dei fan de Fiskerij organisearre.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie yn Moddergat

Op de Dei fan de Fiskerij is der fan alles te dwaan foar de besikers. Sa wurde neffens tradysje de garnalen oer de dyk brocht nei it garnalefabrykje en kinne minsken de kotters besjen. Bern meie meifarre mei trije kotters fan Lauwerseach nei Moddergat. Boppedat is der muzyk, lekker iten, de fototentoanstelling fan Omrop Fryslân-ferslachjouwer Remco de Vries, fisknetten breidzje, in modeshow en noch folle mear.

Moderne fiskers

Peazens-Moddergat, Wierum, Eanjum en in grut tal doarpen dêr flakby, hawwe in lange histoarje wat de fiskerij oanbelanget, mar ek tsjinwurdich binne der yn de regio noch in soad minsken dy't har brea fertsjinje mei it oer-âlde fak. Sa binne der hjoed-de-dei noch sa'n 35 skippen aktyf, mei mear as 50 meiwurkers. En ek de yndustry deromhinne soarget foar in soad wurkgelegenheid yn de regio.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)