Strieljagers fleanbasis Ljouwert jouwe earbetoan oan feteranen

F-16's fan de fleanbasis yn Ljouwert dogge sneon mei oan de flyby foar Feteranedei. De fleanbasis is om dy reden iepen oant 15.00 oere. De fleantugen starte fan baan 5 by Marsum en lâne op baan 9 by Ingelum. De flyby is in seremoanysk earbetoan oan de feteranen.
Op de Feteranedei yn Den Haag defilearje sa'n 4000 feteranen foar kening Willem-Alexander. Der binne 111.000 feteranen yn Nederlân.