Supporters begroetsje sân nije spilers by seizoensstart SC Cambuur

30 jun 2018 - 12:36

SC Cambuur is sneontemoarn úteinset mei it nije fuotbalseizoen. Der kamen sa'n hûndertfyftich supporters op de training ôf. De Ljouwerter fans koene leafst sân nije spilers begroetsje: Xavier Mous, David Sambissa, Robert van Koesveld, Robin Maulun, Julian Calor en Andrejs Ciganiks trainden foar it earst yn it giel-blau.

Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

Een club als Cambuur moet altijd strijden voor een plek in de play-offs.

René Hake

Sa as gewoanlik mochten de jonge supporters oan it begjin fan de training efkes meifuotbalje. Dêrnei begûn it offisjele part, ûnder in strielende simmersinne. Trainer René Hake is bliid dat it seizoen wer úteinsetten is. "Ja, dat is heerlijk. Het is een goed gevoel om weer op het gras te staan en weer met de groep aan de slag te kunnen", fertelt Hake.

Hake woe noch net echt in doelstelling útsprekke. "Maar een club als Cambuur moet altijd strijden voor een plek in de play-offs."

Der stiene sneon 25 spilers op it fjild. "Ik denk dat de selectie nooit rond is. Maar we hebben al een behoorlijke groep op het veld staan. Daar ben ik wel blij om. We kijken wel naar bepaalde posities om spelers toe te voegen", sa seit Hake. De Ljouwerters wolle harren mooglik noch fersterkje mei in middenfjilder en in linkeroanfaller.

Andrejs Ciganiks

Ien fan de nije oanwinsten is de Letske middenfjilder Ciganiks. Hy kaam oer fan it Dútske Schalke 04, dêr't er yn it twadde alvetal spile. Oan de ein fan ferline seizoen hat Ciganiks in pear dagen meitraind yn Ljouwert. "En ik ha de stêd en it stadion besjoen. Der binne hjir aardige minsken, dy't my helpe wolle", fertelde de middenfjilder nei ôfrin fan de earste training.

Ciganiks moat wol tajaan dat hy foarôf noch net safolle wist fan Cambuur: "Se hawwe my ferteld dat it in folksklup is. Ik wol it team helpe sadat we besykje kinne om te promovearjen. Ik hoopje dat jim folle fan my sjen sille. Dat ferwachtsje ik ek fan mysels." Hoe soe Ciganiks himsels omskriuwe as fuotballer? "Ik kin goed dribbelje en haw in sterke linkerfoet. Ik hoopje dat ik spyltiid krij en sjen litte kin wat ik kin."

Cambuur ferlitte

Der binne trije spilers dy't fan Cambuur op syk meie nei in nije klup. Alvin Daniels, Omar El Baad en Kevin van Kippersluis ferwachtsje de klup te ferlitten. De lêste hie dat net ferwachte. "Ik kwam op de club en zag dat ik een ander nummer had. Dat was niet gecommuniceerd en vond ik wel jammer. Of ik ga vertrekken, zullen we zien. Want ik mag niet gratis vertrekken. Toch zie ik Cambuur nog steeds als een heel mooie club", fertelt Van Kippersluis.

Trainer Hake sjocht yn him mear in linkeroanfaller, wylst Van Kippersluis sels as oanfallende middenfjilder spylje wol. "Op '10' zoekt hij een ander type speler. Ik heb te horen gekregen dat ik niet voorkom in de toekomstplannen en dat ik mag vertrekken. Maar ik heb nog niets concreets gehoord. We zien wel hoe het loopt."

Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber
Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal training
(advertinsje)