Oprop Elfwegentocht oan bussjauffeurs: Staak net!

30 jun 2018 - 11:37

De staking ûnder bussjauffeurs yn it streekferfier is in grutte tebeksetter foar de Elfwegentocht. De organisaasje sit troch de aksjes mei de hannen yn it hier en docht dan ek in berop op de Fryske bussjauffeurs om de kommende twa wiken net te staken. Tsjeard Hofstra fan de Elfwegentocht ''baalt enoarm'' fan de stakingen, dy't de útgongspunten fan it evenemint flink ûnderút helje.

De Elfwegentocht is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd 2018 en is bedoeld om minsken fan snein ôf twa wiken lang fossylfrij ride te litten. Automobilisten kinne harren auto op benzine of disel op guon punten yn Fryslân delsette, om fierder te riden yn in fossylfrije bus of om te carpoolen. Boppedat wurde minsken oproppen om sa folle as mooglik te fytsen of it iepenbier ferfier te brûken.

Ferfierbedriuw Arriva is in belangrike partner fan it evenemint. Minsken koene fia in spesjaal abonnemint goedkeaper troch Fryslân reizgje. It is noch net bekend hoefolle fan dy abonneminten ferkocht binne, mar neffens Arriva kinne minsken mei sa'n abonnemint fia in restitúsjeformulier jild werom krije.

Tsjeard Hofstra fan de Elfwegentocht

It busstasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Reaksje CNV en Arriva

Yn in earste reaksje op de oprop fan Hofstra seit it fakbûn CNV dat it giet om in lanlike staking en dat dêr neat oan feroaret.

Ferfierbedriuw Arriva fan It Hearrenfean seit yn in skriftlike reaksje dat it de Elfwegentocht as in moai en bysûnder evenemint sjocht en dat it hiel ûngelokkich útkomt dat de staking trochset ûnder dy tocht.

Arriva hat spesjaal foar it evenemint 125.000 liter blauwe disel ynkocht. It bedriuw sjocht de kommende twa wiken as proef om de bussen fossylfrij ride te litten en set dizze proef ûnôfhinklik fan de staking gewoan troch.

(advertinsje)