Wetterskip kontrolearret feandiken fanwegen oanhâldende drûchte

Wetterskip Fryslân begjint yn de twadde wike fan july mei kontrôles fan feandiken yn Súdwest-Fryslân. Sa as it no liket, binne dy nedich troch it oanhâldende drûge waar. It fean drûget dan út, wêrtroch't der skuorren ûntstean kinne en dêr kin yn it slimste gefal wetter trochhinne komme. "Je kinne it fergelykje mei de kontrôles fan seediken mei stoarmwaar", seit Pier Algra fan Wetterskip Fryslân.
Iselmar © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Pier Algra fan Wetterskip Fryslân oer de drûchte
Op it stuit is it mei de drûchte yn Fryslân noch net sa slim as yn it suden fan Nederlân. Der wurdt al wol wetter út de Iselmar wei ynlitten en it trochspielen fan fearten mei dat wetter bart no wat stadiger, om sa ta in heger wetterpeil te kommen.
Yn de Iselmar sit noch genôch wetter en foarearst bliuwt der ek genôch oanfier út de Rijn wei. Op de langere termyn liket dat wol minder te wurden.