Omrin skiedt folle mear ôffal as lanlik gemiddelde

30 jun 2018 - 09:48

Offalferwurker Omrin yn Fryslân slagget der yn om folle mear ôffal te skieden as it lanlik gemiddelde. Dat is lykwols net werom te finen yn de nijste ôffalsifers fan it CBS, dy't sneon bekend wurden binne.

Offalskieding - Foto: Omrop Fryslân

Ut de sifers docht bliken dat der yn Nederlân stadichoan minder ôffal fuortsmiten wurdt en dat it skiedingspersintaazje fan it ôffal tanaam is fan 49 persint yn 2007 oant 57 persint ferline jier. By Omrin leit dat sifer folle heger, op 73 persint. Dat komt omdat it CBS de sifers basearret op it skieden oan de boarne, wylst Omrin yn de spesjale neiskiedingsynstallaasjes op It Hearrenfean noch folle mear ôffal weromwint en recyclet.

Auke Bergsma, spesjalist duorsumens by Omrin

Fryslân is ien fan de provinsjes mei it heechste tal kilo's ôffal de ynwenner, goed 600. Yn guon provinsjes is dat wol 200 kilo minder. Nei alle gedachten komt dat, trochdat yn lanlike gebieten in soad túnôffal produsearre wurdt. Yn stêden is dat folle minder.

Gemiddeld wurdt yn ús provinsje sa'n 64 persint fan it ôffal skieden oan de boarne. Ek dat is heger as it lanlik gemiddelde.

Trefwurden: 
CBS Omrin ôffal
(advertinsje)