Kollum: "Maradona"

"It WK fuotbaljen. Je kinne der fan alles oer skriuwe en dat bart dan ek. Ik sjoch lang net alles, want it wurk moat ek gewoan trochgean. Mar wat ik sjoch falt my oant no ta net mei. Kwa fuotbal, bedoel ik. Oer de organisaasje falt net sa folle te sizzen. De stadions binne moai, oeral leit in geweldige gersmatte, it sit hast oeral fol en it fuotbal wurdt einliks folwoeksen, omdat se no mei bylden de skiedsrjochters bystean kinne. Soks hat lang duorre, mar de fuotballerij is no ienris in tige konservatyf bolwurk dat net maklik oer feroarings hinne stapt. Hoe sit it trouwens mei de spulrigel dat in keeper de bal net langer as in tel as fiif beet ha mei? Is dy regel wer sneuvele? Hoe dan ek, de wedstriden wurde prachtich yn byld brocht en de tiden wêrop't se útstjoerd wurde is foar West-Europa ek tige gaadlik.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Wêrom lês ik nergens dat de Russen it dochs wol ferhipte goed foarinoar ha? Of mei dat net? Goed nijs is gjin nijs?
It is ek wol noflik dat Nederlân even in kear net meidocht. Soks is goed foar de selsrefleksje fan ús ynwenners. De strjitten yn ús lân lizze der kreas en simmersk by, de barbekjûs rikje krekt as alle oare jierren en de iennichste auto's dy't dizze wike toeterjend troch de strjitten rieden, binne fan minsken dy't bliid skine te wêzen dat der wer in nije Europeeske diktator yn de skiednisboeken komt. Dat stikje begryp ik dan wer wat minder, mar foar it oare is it tige oersichtlik yn ús lân as der gjin kollektive oranjegekte hearsket.
Gekte en diktators. It skeat ôfrûne tiisdei troch my hinne. Op RTL7 wie ik tsjûge fan de safolste kear Once Upon A Time In The West, de magistrale western mei de moaiste filmsopraan yn de troch Ennio Morricone komponearre muzyk. Dy film moat ik eins alle jierren in kear sjen. Ik wit net wêrom, mar ik bliuw it yn 1968 makke epos boeiend finen. Fan begjin oant ein. Mar RTL hat fansels in soad reklame tuskentroch. Kinne je even nei it húske en in pûde sjips helje. Of je zappe even nei it fuotbaljen. Ik die dat en seach in begrutlik tafriel op de earetribune fan in Russysk stadion.
Jim ha grif it filmke fan de warming-up fan Diego Armando Maradona wolris sjoen. Hy wie doe neffens guon minsken de bêste fuotballer fan de wrâld en spile yn Italië foar Napoli. Op muzyk dy't yn it stadion te hearren wie, liet er even sjen wat er allegearre mei in bal koe. En dat wie nochal wat. Earst Napels sjen en dan stjerre, sa seit de siswize. Maradona hat yn de jierren dêrnei út alle macht besocht, om dat yn de praktyk te bringen. Hy wie nochal in ferslavingsgefoelige fedette, om it mar ris foarsichtich te sizzen. Hy mocht him graach mei Fidel Castro op de foto sette litte. Fidel, de ferstoarne Kubaanske diktator.
Maradona liet him dizze wike nochal gean tidens de wedstriid fan syn lân Argentinië. Soks kaam fansels yn byld, want de Russen ha alles tiptop yn oarder. Dus koenen we tsjûge wêze fan in straalbesopen eks-fuotballer dy't mei twa middelfingers omheech himsels misdroech op ien fan de djoerste plakken fan it stadion. Letter liigde er dat er lêst fan de nekke hie. Ik ha der mar ien wurd foaroer, begrutlik.
Op RTL7 wie de reklame yntiids foarby. De kar tusken Maradona, Charles Bronson mei syn mûlharpe en de prachtige Claudia Cardinale wie net dreech.
Wa't it WK winne moat? Makket my neat út, as it Argentinië mar net is. Dy sneintejûn yn 1978 bin ik noch net ferjitten."