Gjin Rotterdamske swannen foar de Fûgelpits

29 jun 2018 - 22:56

By de Fûgelpits yn Moddergat is alles klear om te helpen mei it skjinmeitsjen en opfangen fan in grut tal swannen, dat earder yn Rotterdam it slachtoffer waard fan in grut oaljelek. De oalje kaam frij by in oanfarring mei in tanker. Mar wat der ek bart, de fûgels komme mar net nei de Fûgelpits ta.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

En dat wylst it derop liket dat der wol ferlet is fan mear kapasiteit. By de Fûgelpits fine se it hiel spitich: "Waarom geen gebruik maken van de jarenlange ervaring die de Fûgelpits op dit gebied heeft? Wij vinden dit bijzonder jammer en een gemiste kans voor de organiserende instanties aldaar. We hoeven maar een belletje of een mailtje en we zijn onderweg. We helpen graag."

Sy hawwe heard dat se net ynskeakele wurde, omdat der te âlderwetsk wurke wurde soe. Dêr binne sy it net mei iens.

(advertinsje)