Iepenloftspullen: de premjêre fan Rêdbâd
"Foar Fryslân, foar Rêdbâd!" Regisseur Tiffany van de Wal moediget alle spilers noch even goed oan foardat de premjêre fan Rêdbâd losgean kin. "We binne der klear foar om it stik sjen te litten", seit se mei in sûne doasis spanning. It ferhaal fan de grutste Fryske kening is by in soad minsken net bekend, en dêr moat mei dit iepenloftspul feroaring yn komme fynt Sake van der Wal, de heit fan Tiffany. En hoe kin dit moaier as yn de nije teätertún fan Broeksterwâld? Ek al wit eltsenien miskien noch net genôch oer Redbad, alle acht spyldagen fan it iepenloftspul binne al kompleet útferkocht.
It stik duorret mei mei-inoar goed twa oeren, dus dat wurdt in lange sit. Mar dan krigest ek wat! De folsleine skiednis fan Redbad, ynklusyf boaten, flotten, hynders, fjoer, fjochterij en leafde komt foarby. De tiid wêryn't Redbad regearre komt ta libben troch it ymposante dekôr en klean fan de spilers. En fansels troch de taal, dy't somtiden troch de âldens dreech te folgjen is. De hiele sfear draacht der sa oan by dat it publyk kompleet ûnderdompele wurdt yn de wrâld fan Redbad. Mei de sinnen "Bring him gau nei it walhalla, want dan pas is hy frij", wurdt it slotstik besongen.
De reaksjes fan it publyk binne posityf. "It is prachtich, ik ha echt genoaten", wurdt sein. In oar seit: "Ik fûn de spilers geweldich, mar ik snapte it ferhaal net sa goed." Koartlyn wie de premjêre fan de film Redbad. In man ferwiist dernei troch te sizzen dat Rêdbâd fan Broeksterwâld moaier is as de film fan Roel Reiné. In moaier komplimint kinst hast net krije.