Zeinstra flagget achtste finale tusken Spanje en gasthear Ruslân

Erwin Zeinstra komt snein wer yn aksje op it WK Fuotbal. De assistint-skiedsrjochter flagget by de achtste finale tusken Spanje en gastlân Ruslân.
Team Kuipers op dit WK, mei links Erwin Zeinstra © ANP
Team Kuipers, dat njonken Zeinstra bestiet út skiedsrjochter Björn Kuipers en assistint Sander van Roekel, hat der al twa wedstriden op sitten op dit WK. Earder hienen se de lieding oer Egypte - Oerûguay en Brazilië - Kosta Rika.
De achtste finale tusken Spanje en Ruslân set snein om 16.00 oere útein yn it Luzhniki-stadion in Moskou.