Tredde winst op rige foar partoer Van der Bos

29 jun 2018 - 20:25

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra ha de haadklassepartij op It Hearrenfean wûn. Yn de finale wie it partoer mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. It is de tredde winst op rige foar it trio: ôfrûne wykein wûnen se al yn Holwert en Berltsum.

Yn de finale wie it earste gatsje foar it partoer fan Van der Bos: 3-1.

Dêrnei kaam in bal fan Steenstra op 4-2 en 4-6 net foarby de keats en fia en in boppeslach fan Dylan Drent op 4-3 en 6-6 kaam it partoer fan Bauke Triemstra goed werom ta 4-4.

Nei in sterk earst (skjinne seis) kamen Van der Bos-en-dy op 5-4 en mei in sitbal makke Tjisse Steenstra it ôf.

Rûte nei de finale

Yn de heale finale wûnen Van der Bos-en-dy mei 5-3 en 6-2 fan it partoer fan Marten Bergsma. Yn de earste omloop moast it partoer fan Durk Ennema der al mei 5-1 en 6-4 oan leauwe.

It partoer fan Bauke Triemstra hie in drege earste omloop: nei in efterstân fan 5-1 tsjin Jelle Attema wûnen Bauke Triemstra-en-dy úteinlik mei 5-5 en 6-4. Yn de heale finale tsjin Enno Kingma moasten se op 'e nij yn ynhelslach meitsje er wer slagge it: nei 1-3 en 2-6 waard it 5-3 en 6-4.

Trefwurden: 
It Hearrenfean keatsen
(advertinsje)
(advertinsje)