Skou yn saak-Van Seggeren yn "likense omstannichheden"

29 jun 2018 - 19:52

De rjochtbank fan Ljouwert sil freedtejûn om healwei tsienen te sjen op it plak dêr't it lichem fan Tjeerd van Seggeren foarich jier fûn is. De rjochter sil dus de sittingsseal ferlitte om de saak te behanneljen. It ûndersyk yn de saak-Van Seggeren is noch yn folle gong.

Foto: De Vries Media

Strafrjochtadvokaat Bart Canoy joech freed by Weistra op Wei útlis oer it doel fan sa'n skou. "Er is blijkbaar behoefte om naar de plaats zelf te gaan, omdat het bekijken van de plaats onder de meest gelijke omstandigheden een aantal vragen kan beantwoorden. Daarom is de schouw nu ook weer in zomer, want in de winter heb je andere omstandigheden."

Der binne ferskate partijen dy't wolle dat der in skou komt. "In de zaak van Van Seggeren begreep ik dat de Officier van Justitie de schouw wenst", seit Canoy. "Wellicht omdat er geluiden gaan dat de telefoon van de verdachte zich op korte afstand van het slachtoffer zou hebben bevonden. Dan zou je dus kunnen zeggen: ik wil die korte afstand "bezien" vanaf het plaats delict, om te kijken of iets mogelijk of onmogelijk is. De informatie die hieruit komt wordt meegenomen in het verdere onderzoek."

(Advertinsje)
(Advertinsje)